Home

Actueel

Kerken

Over ons

Word donateur

Webwinkel

Contact

Mei de kaaiadressen kinne jo nei ús tsjerken

De 46 prachtige tsjerken dy’t eigendom binne fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken, binne it hiele jier tagonklik. As de doar op slot sit, kinne jo de kaai ophelje by it kaaiadres.

Foarhinne hinge der op alle tsjerken in buordsje mei dêrop it kaaiadres fan de tsjerke. Yn dizze tiid fan ynternet binne de kaaiadressen hiel maklik te finen op ús webside. Sykje ûnder de knop ‘Tsjerken’ de tsjerke dêr’t jo hinne wolle. Oan de linkerkant fan dy side fine jo ûnder oare it kaaiadres. In guon gefallen is dat de hierder fan de tsjerke, lykas yn Allingawier, Bears, Hegebeintum, Raard (D), Swichum en Sint-Jakob.

Wolle jo der wis fan wêze dat jo yn de tsjerke dy’t jo útsocht ha, nei binnen kinne, belje dan foarôf even mei it kaaiadres of de kontakpersoan. Dêrmei foarkomme jo ûnnedige teloarstellings. Belangryk om te witten is dat it kaaiadres net dejinge is dy’t de tsjerke ferhiert. Dêrfoar kinne jo de kontaktpersoan belje of maile.

Wolle jo alle kaaiadressen by elkoar yn ien dokumint? Klik dan hjir. En stel jo eigen rûte gear.

Permaninte iepenstelling
De 46 tsjerken fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken wurde foar in grut part beheard troch frijwilligers, de saneamde Pleatslike Kommisjes. Dy behearskommisjes besteane troch de bank nommen út trije oant fiif persoanen. Dêrmei is it wol dúdlik dat de tsjerken net permanint iepensteld wurde kinne ûnder tafersjoch fan frijwilligers. Besikers wurde dêrom frege om de kaai even op te heljen op it kaaiadres. In tal tsjerken is wól it hiele jier troch iepen, lykas Boksum, Jorwert en Hantumhuzen. Yn dy doarpen binne frijwilligers dy’t moarns de doar iepen dwaan wolle en him jûns wer ticht dwaan wolle. Dit binne faak tsjerken yn doarpen dêr’t de bewenners út harren hús wei ridlik tafersjoch hâlde kinne.

Yn in soad oare doarpen is dat spitigernôch net mooglik fanwegen it risiko fan fandalisme en somtiden stellerij. Soms is it doarp ek gewoan te lyts, sadat it deistige iepenstelling in te swiere belesting foarmje soe.

In tal tsjerken is ferhierd. De tiden werop’t jo yn dizze tsjerken delkomme kinne, fine jo op de webside fan de hierders. De tsjerke fan Hegebeintum is sa goed as it jiele jier te besjen, fia besikerssintrum De Terp, lykas de Mariatsjerke yn Bears, fia Uniastate. It Irene Oerka Verbeek Museum yn Raard (D) is fan april oantemei novimber iepen. It pylgersynformaasjesintrum fan it Nederlands Genootschap van Sint Jacob yn it foarportaal fan De Groate Kerk yn Sint Jakob is twa sneonen yn ’e moanne iepen.

Tsjerkepaad
Leafhawwers fan Fryske tsjerken kinne yn de simmermoannen harren hert ophelje tidens Tsjerkepaad. Tsien wike lang binne dan 250 (fan de yn totaal 780) Fryske tsjerken op sneontemiddei iepen fan 13.00 oant 17.00 oere. De Stichting Tsjerkepaad jout alle jierren in gids út mei alle tsjerken dy’t meidogge. Yn ’e mande mei de Stichting Alde Fryske Tsjerken jouwe se in folder út mei Simmeraktiviteiten, dy’t ferspraad wurdt fia hotels, campings en musea. Op de webside fan Tsjerkepaad binne allerhande kuier- en fytsrûtes del te laden.

Yn gjin oare provinsje yn Nederlân wurde yn ’e simmermoannen safolle tsjerken tagelyk iepensteld. De Stichting Tsjerkepaad kin dan ek net genôch priizge wurde foar dit opmerklike inisjatyf. It toant de freonlike gastfrijens dy’t de Fryske tsjerkemienskippen útstrale wolle. De frijwilligers dy’t de tsjerken op sneontemiddei iepen hâlde, dogge dat út leafde foar de tsjerke as histoarysk erfgoed én faak ek fanwegen spirituele motiven (iepenheid foar belangstellenden).

Kulturele Haadstêd 2018
De Stichting Alde Fryske Tsjerken is mei de frijwilligers fan har behearskommisjes yn petear oer rommere iepenstelling yn 2018, as Ljouwert de Kulturele Haadstêd fan Europa is. Mids 2017 begjin de Stichting in kampanje om frijwilligers út de wide omjouwing fan ús tsjerken op te roppen mei te helpen by de iepenstelling. It stribjen is derop rjochte om tsjerken yn 2018 fan maart oantemei oktober iepen te stellen op sneon en faaks ek op sneintemiddei. Dat betsjut dat de Pleatslike Kommisjes flink fersterke wurde moatte. Hawwe jo belangstelling? Nim dan kontakt op mei de betreffende behearskommisje, fia de kontaktpersoan op de webside.