Home

Actueel

Kerken

Over ons

Word donateur

Webwinkel

Contact

Doelstelling

De Stichting Alde Fryske Tsjerken is op 9 septimber 1970 oprjochte.

De doelstelling fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken is 'it herstel en de ynstânhâlding fan út histoarysk eachpunt belangwekkende tsjerkegebouwen mei oan- en tabehear yn de provinsje Fryslân'. As twadde doelstelling stiet yn de statuten: 'it wekken fan publike belangstelling foar sokke tsjerkegebouwen'.

De Stichting nimt yn bysûndere gefallen (ryksmonumintale) tsjerken oer fan tsjerklike gemeenten. In oername fynt allinnich plak as der lokaal te min (finansjeel en bestjoerlik) draachflak oerbleaun is foar behear en ûnderhâld fan in monumintale tsjerke. Mei it gebou wurde ek alle saken oernommen dy't by de tsjerke hearre, lykas oargel, preekstoel en jûnsmielfoarwerpen.

Méar tsjerken yn besit krije is net in doel op himsels foar de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Dêrom sjocht de Stichting soarchfâldich nei alle fersiken ta oername. As in lokale mienskip sels de ferantwurdlikens foar de ynstânhâlding fan in tsjerkegebou drage wol, nimt de Stichting Alde Fryske Tsjerken it gebou net oer. Tsjerklike en doarpsmienskippen dy't rie hawwe wolle, kinne kontakt opnimme mei it buro.

De Stichting Alde Fryske Tsjerken sjocht fierder as allinnich it tsjerkegebou. Each foar de lânskiplike en maatskiplike omjouwing is de oanleiding om gearwurking te sykjen mei besibbe organisaasjes en gemeenten.

TSJERKHÔVEN

De Stichting hat yn seis doarpen ek it tsjerkhôf oernommen:

Lytsewâld (Augsbuurt)

Blessum

Ljouwert-Huzum (sûnt 1979 sletten)

Olterterp

Sibrandahûs

Westhim


De tsjerkhôven wurde beheard troch de pleatslike kommisjes. Op fiif fan de seis tsjerkhôven kin in grêf kocht wurde. Nim dêrfoar kontakt op mei de pleatslike kommisje.

It tsjerkhôf fan Ljouwert-Huzum, dat de Stichting Alde Fryske Tsjerken yn 2014 yn eigendom oernommen hat, is al sûnt 1979 sletten. Frijwilligers fan de pleatslike kommisje ûnderhâlde it hôf wol, mar de grêven net. Dat bart allinnich op fersyk fan en yn oerlis mei neibesteanden.