Gurbe Douwstra op tournee.
In noflik en smûk sneintemiddeis-optreden yn de Ioannis Tsjerke fan Wier. In moaie lokaasje om te spyljen en in moaie gelegenheid om in repertoire fan âlde en nije lietsjes hearre te litten.
‘In Wâldpyk fol emoasje’, sa waard de Drachtster sjonger en lietskriuwer Gurbe Douwstra alris omskreaun en dat kloppet wol aardich. Hy sjongt mei ynmoed en oertsjûging oer dat wat him dwaande hâldt; yn syn eigen libben, mar ek oer dat wat hy yn de wrâld om him hinne sjocht. En dat docht hy yn syn memmetaal, it Frysk.
Gurbe is yntusken 70 jier wurden en dat hat hy earder al wiidweidich fierd mei in rige teaterkonserten. It wie, nei TePlak, syn twadde teater-lietsjesprogramma.
Al sûnt syn jongensjierren hat dizze Drachtster sjonger de muzyk as syn grutte passy en bringt hy syn lietsjes yn de styl fan de Fryske trûbadoers. Mankelike harksankjes, mar ek fleurige ferskes oer de nuveraardige saken fan it libben. De teksten, dy’t geandewei de jierren hieltyd mear djipgong krigen ha, farieare fan somtiden hast sentimenteel oant koartswilich, mei út en troch in flinke doasis selsspot, mar allegear rjocht út it hert.
In protte fan dy lietsjes binne werom te finen op de fiif cd’s, dy’t hy oant no útbrocht hat: ‘Dizze Stoarm’ (2001), ‘Myn eigen paad’ (2005), ‘Thús’ (2010), ‘Op ‘n paad’ (2019) en ‘Romte’ (2024).
Foar de muzyk dy’t hy makket, hat er de term ‘Frisicana’ betocht, mei in knypeach nei de ‘Americana’ in styl dy’t troch in protte singer/songwriters brûkt wurdt. De lêste jierren treedt hy ûnder dy namme ‘Frisicana’ ek wol op mei kollega-sjonger/lietskriuwers Piter Wilkens en Marcel Smit.
www.gurbedouwstra.frl
Reserveren: s.sevenster@hetnet.nl of 0518-471123