SAFT yn nûmers

  • 55 tsjerken
  • 7 begraafplakken
  • 2 klokkestoelen
  • 300 frijwilligers
  • 4200 donateurs
  • 250 events

Alde tsjerken yn it Fryske lânskip

Alde tsjerken bepale de 'skyline' fan it Fryske lânskip. Nearne oars yn Europa binne safolle letmidsieuske tsjerken te finen as yn Noard-Nederlân. In rykdom dy't it behâlden wurch is.

Hieltyd mear monumintale tsjerkegebouwen ferlieze harren oarspronklike funksje. De Stichting Alde Fryske Tsjerken wol foarkomme dat se ferdwine. Se docht dat troch yn bysûndere gefallen ryksmonumintale tsjerken yn eigendom oer te nimmen.